Sneek kleurt creatief: Winnaars Kunstbende Friesland 2026 bekend
SNEEK – Het Atrium in Sneek vormde afgelopen zondag het decor voor de Friese voorronde van Kunstbende 2026. Tientallen jongeren tussen de 13 en 19…

Súdwest-FryslânMei de Mienskip
Nieuws uit jouw regio.
Nederlands: Wons
Der binne op dit stuit gjin oankommende eveneminten bekend foar dizze plak.
Open de kaart via onderstaande link als de interactieve kaart niet beschikbaar is.
Alleen redactioneel gecontroleerde plekken. Zoek een plek of kies een categorie.
Kaartposities zijn bij benadering. Aan deze informatie kunnen geen rechten worden ontleend.
Wûns is in doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Wytmarsum. Under it doarp falle de buorskippen Doanjewier, Haaium, Goaium, Mountsjewier en De Wearen. It eardere doarp Ingwier foel foar in skoft ek ûnder Wûns. It doarp hat 285 (1 jannewaris 2025) ynwenners. SkiednisDe earste…
Wûns is in doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Wytmarsum. Under it doarp falle de buorskippen Doanjewier, Haaium, Goaium, Mountsjewier en De Wearen. It eardere doarp Ingwier foel foar in skoft ek ûnder Wûns.
It doarp hat 285 (1 jannewaris 2025) ynwenners.
De earste kear dat Wûns neamd wurdt is as Wildinghe yn 1270. Letter wie der ek sprake fan Veldenzee (1290), Weldenzie (1298), Wildinghe (1310), Weldinghe (1327), Woldens (1374 en 1474), Wildinge, Wondenze (1404) , Woudens en yn 1495 wie it Wons. Op de lytse terp hawwe nea huzen stien, mar nei alle gedachten waard der earder rjocht sprutsen.
Yn 1728 is yn it stee fan in midsiuwske tsjerke in achthoekich protestantske tsjerke boud mei in piramidefoarmich dak mei in klokkoepeltsje. De âlde klok út 1595 klok waard yn 'e oarloch meinommen troch de Dútsers. Op de toer stiet ynstee fan in wenstige hoantsje in hart. It doarpswapen fan Wûns hat ek in hart. De tsjerke stiet bekend as it 'Wûnzer teebuske'.
De Fryske dichter Jan Cornelis Pieter Salverda, (Boalsert (28 juny 1783 - Wûns 7 maart 1836) wie skoalmaster yn Wûns. Syn tragyske libbensrin en spjalten persoanlikheid waarden troch syn freon en beskermer Joast Halbertsma oangripend beskreaun. Der sit in tinkstien oan him yn de tsjerkemuorre.
Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich wienen de stellingen Wûns en Koarnwertersân tige wichtich.
Oant 2011 lei Wûns yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Oan de Noarderleane stiet doarpshûs It Bynt. It doarp hat in feriening foar doarpsbelang en de doarpskrante hjit Us it Hert.
Wûns hie oant 2015 in basisskoalle; de JCP Salverdaskoalle. De skoalle waard sletten om 't it tal bern ûnder de noarm fan 23 bern sakke.
De Protestanske tsjerke fan Wûns is tsjintwurdich by in stifting ûnderbrocht.

SNEEK – Het Atrium in Sneek vormde afgelopen zondag het decor voor de Friese voorronde van Kunstbende 2026. Tientallen jongeren tussen de 13 en 19…

NIJLAND – De blaasmuziek klinkt op zaterdag 7 maart weer volop in Nijland. Federatie Femuza organiseert dan haar jaarlijkse Korpsenfestival in dorpshuis De Mande. Met…

Op 14 september vindt in de kerk in Wons een bijzonder dubbelconcert plaats onder de titel HOUT ontmoet KOPER. HOUT staat voor Het Amsterdams Hobo…

Deze drie schijnbare tegenstellingen vormen de basis van de voorstelling Op 29 juni vindt er in de kerk in Wons een totaal idiote muzikale sotternie…

Bibliotheek Makkum organiseert lezing over Canadese bevrijders in april 1945 Makkum - Op donderdag 27 maart 2025 geeft Klaas Groeneveld een lezing in Bibliotheek Makkum…