2025/11/20

Omroep Súdwest

Dé lokale omrop fan Súdwest-Fryslân

Winner fan Liet en de twa publyksfavoriten stride om ticket nei it Regio Songfestival

2 min gelezen

Foto: Liet


It Frysk sjongfestival Liet en Omrop Fryslân ha besletten mienskiplik de Fryske kandidaat foar it Regio
Songfestival te kiezen: njonken de offisjele winner fan Liet krije ek de twa publyksfavoriten in ekstra
kâns om te striden foar it felbegearde plak op it Regio Songfestival.

Dit jout noch mear mooglikheden
foar it Frysk muzyktalint om harren Fryske muzyk op in noch grutter poadium hearre te litten.
It Regio Songfestival is in inisjatyf fan de tretjin regionale omroppen en wurdt live útstjoerd op
telefyzje en online. Muzikale talinten út ferskate Nederlânske regio’s komme byinoar, it is dan ek in
útsochte kâns om Frysk talint nasjonaal ûnder de oandacht te bringen.

De winner fan Liet wurdt lykas oare jierren bepaald troch in faksjuery en it publyk. Yn gearwurking
mei Omrop Fryslân wol Liet, yn oanrin nei it Regio Songfestival, de ynfloed en belutsenheid fan it
publyk noch grutter meitsje. Dêrneist krije de twa publyksfavoriten, op basis fan stimmen fan it
publyk, in ekstra kâns om troch te streamen nei it Regio Songfestival.

Foto: Liet

Dizze trije acts nimme it
tsjininoar op yn in spesjaal organisearre seleksjeproseduere, en dêr wurdt úteinlik ien artyst oanwiisd
as de definitive Fryske ynstjoering foar it Regio Songfestival. Omrop Fryslân sil dy striid wiidweidich
ûnder de oandacht bringe yn de ferskate media.

“Dit is in geweldige kâns om it ferskaat en it sprekkende fan de Fryske muzyk en taal sjen te litten oan
in breed publyk,” sa seit de foarsitter Pieter de Boer fan Liet. “We binne tige grutsk op it talint dat by
Liet optreedt en sjogge dernei út om mei it publyk en de sjuery de bêste fertsjintwurdiger foar
Fryslân te kiezen.”

It Regio Songfestival fynt dit jier plak op 1 novimber yn Arnhem en bringt de bêste regionale artysten
fan Nederlân by-inoar yn in muzikale kompetysje dêr’t taal en kultuer sintraal yn steane. Ynskriuwe
foar Frysk sjongfestival Liet kin oant 1 juny.

Copyright © Alle rechten voorbehouden. | Newsphere door AF themes.