2025/10/30

Omroep Súdwest

Dé lokale omrop fan Súdwest-Fryslân

Sneon 27 septimber 2025 om 13:45 oere fynt de 78ste Betinking fan de Slach by Warns op it Reaklifplak!

1 min gelezen

Foto: SlachByWarns

Friezen en freonen: Kom allegearre!
Friesen und Freunde: Kommt alle!
Friezen en vrienden: Komt allen!

It téma is dit jier: Ús ûndergrûn ûntdutsen.

Wolbert Smidt, East-Fryske etnohistorikus, docht mei kennis en metoaden út de skiednis en de antropology ûndersyk en nimt ús mei yn it sosjaal-polityke systeem fan selsorganisaasje fan in steatsfrije mienskip, basearre op ûndersiken yn East-Fryslân. Dit jout ús ynsjoch yn wa wy Friesen binne. Fierdere ynspiraasje krije we mei de poëzy fan André Looijenga, ûnder oare winner fan in Rely Jorritsmapriis yn 2017, en de muzyk fan Fegebart, winner fan Liet 2024. Dêrneist sjonge we ek sels wer mei-inoar, sa as alle jierren. By de neisit yn De Kaap te Starum nimt de sprekker ús fierder mei yn syn tinzen en befiningen, is der tiid foar diskusje en mei-inoar wêze.

Sjoch foar mear ynformaasje: www.slachbywarns.frl.

Oant sjen op sneon 27 septimber!

Copyright © Alle rechten voorbehouden. | Newsphere door AF themes.