2026/02/18

Omroep Súdwest

Dé lokale omrop fan Súdwest-Fryslân

It persoanlik kampioenskip damjen, spile yn Aldegea

3 min gelezen

Foto: Siebren Dyk

Aldegea – Neidat de folle sân omlopen ferspile binne, is der noch altyd gjin ein kaam oan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul. Henk Haanstra en Jelle Wiersma einigen mei seis punten gelyk boppeoan. Foaral foar Haanstra is dat in geweldige prestaasje; as de wjerstânspunten meiteld hiene, dan hie er sels kampioen west. Mar dêr kocht de Aldegeaster neat foar, it reglemint skriuwt yn dit gefal foar dat der beslissingswedstriden komme moatte.

De finalesneon stie yn it foar al grôtfol spanning. Trije dammers stiene mei 4,5 punt gelyk boppeoan. Haanstra en Wiersma moasten de moarns fuortendaliks al tsjin elkoar. It kantspul waard hielendal útmolken, mar de spilers seagen yn in trije om trije yn dat der net mear as kamp yn siet. Harren grutte konkurrint Marten Walinga moast it ûnderwilens opnimme tsjin Taeke Kooistra. De achttjinfâldich kampioen hie yn dit toernoai in minne start, mar syn streken is er noch altyd net ferleard. Walinga liet ta dat er op daam kaam, en dêr makke de Hartwerter goed gebrûk fan.

De middeis mocht Walinga him revansearje tsjin Haanstra, mar dat slagge him net. Walinga liet yn it einspul syn lofterkant wat slûpe. Troch in offer koe hy ek trochbrekke, mar hy wie te let. Alle eagen rjochten har doe op ‘e partij tusken Wiersma tsjin Kooistra. Dy like lykop te gean, oant Wiersma der wat in blyn slachje yn frissele, en Haanstra dus dochs (noch?) gjin kampioen waard.

Underyn wie it net minder spannend. Willem Schaap knokte him mei oerwinnings op Bernard Kroon en Pieter Hoogterp boppe de degradaasjestreek, wylst er nota bene by it begjin fan ‘e sneon noch de reade lantearne droech. Siebe Walinga koe himsels ek rêde mei in oerwinning op Kroon en in kampspul tsjin Hoogterp. Foar de lêste einige it kampioenskip dus yn in teloarstelling, en dat wylst er twa wike lyn mei in oerwinning op Taeke Kooistra noch sa goed úteinsette.

Hoogterp en Kroon wurde takom’ jier yn ‘e kampioensklasse ferfongen troch Folkert Groenveld en Hein de Vries, dy’t nei har degradaasje fan ferline jier it paad omheech dus al wer fûn hawwe. Foar De Vries, dy’t sneon fan Groenveld ferlear, is de promoasje oars in knikkert op ‘e kant. De ferrassend goed spyljende Fedde Wiersma hie krekt in pear wjerstânspunten minder. Siebren Dyk koe it yn ‘e twadde acht lang net oprêde, en ek bûnsfoarsitter Liuwe Westra sil it it oare jier yn ‘e tredde acht besykje moatte. Rein Jan Walinga en Hidde de Vries nimme dan har plak yn, en makken dus har favoriterol yn ‘e tredde acht hielendal wier. 

Utslaggen en einstannen

Kampioensklasse, sechsde omloop: Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5, Taeke Kooistra (Hartwert) – Marten Walinga (Waaksens) 1-0, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0,5-0,5, Bernard Kroon (Blauhús) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1; sande omloop: Wiersma – Kooistra 1-0, M. Walinga – Haanstra 0-1, Schaap – Hoogterp 1-0, S. Walinga – Kroon 1-0.

Einstân: 1/2. Haanstra en Wiersma 6; 3. M. Walinga 4,5; 4. Kooistra 3,5; 5. S. Walinga 3; 6. Schaap 2,5; 7. Hoogterp 1,5; 8. Kroon 1.

Twadde acht, sechsde omloop: Cor Kooistra (Nijlân) – Hein de Vries (Ljouwert), Folkert Groenveld (Jutryp) – Liuwe Westra (Lollum), Tsjerk Wijbenga (Arum) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF), Siebren Dyk (Jorwert) – Fedde Wiersma (Easterein); sande omloop: De Vries – Groenveld, Westra – Kooistra, Wiersma – Wijbenga, Hoekstra – Dyk.

Einstân: 1. Groenveld 6,5; 2. De Vries 5 (12,75); 3. Wiersma 5 (12,25); 4. Wijbenga 4; 5. Hoekstra 3,5; 6. Kooistra 2,5; 7. Westra 1; 8. Dyk 0,5.

Tredde acht, sechsde omloop: Sietze de Jong (Aldegea-SWF) – Jurjen Frankena (Blauhús) 1-0, Anne de Boer (Wommels) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1, Niek Tolsma (Lollum) – Sjouke Attema (De Gastmar) 0-1; sande omloop: Frankena – De Boer 0-1, De Vries – De Jong 0-1, Attema – Walinga 0-1.

Einstân nei 6 partijen: 1. Walinga 5; 2. De Vries 4,5; 3. De Jong 4; 4. De Boer 3; 5. Frankena 2,5; 6. Attema 2; 7. Tolsma 0.

Copyright © Alle rechten voorbehouden. | Newsphere door AF themes.