Abbegea – Op tongersdei 4 septimber giet yn Abbegea oan de Pikesyl 1a, it iepenloftspul ‘Frjemd yn Abbegea’ yn premjêre.
3 min gelezen
Foto: Tineke Broers
Ynhâld stik
Yn de twadde wrâldkriich wie Abbegea in noch lytser doarpke as no mei sa’n 100 eigen ynwenners. Tidens de oarloch ferdûbele dat oantal hast, want troch de isolearre lizzing wie it in daalders plak foar ûnderdûkers. In soad frjemd folk dus, dat leafdefol ûnderdak fûn by de ynwenners fan Abbegea en omkriten. Dat wie net sûnder gefaar, want ferried en ûnminslik machtsfertoan fan de besetter leine altyd op ‘e loer. Ek doe’t yn 1942 as start fan de yntusken rike Boalserter tradysje, de Matthäus Pasje opfierd waard troch ynwenners en frjemdlingen yn in grôtfolle tsjerke.
De Abbegeasters hawwe yn dy dagen troch harren hert en hûs iepen te stellen harsels én it frjemde folk beskermje kinnen. Mar hoe giet dat tsjintwurdich? Werhellet de skiednis himsels? Is frjemd folk like wolkom as eartiids? Of binne it no yndringers dy’t de hûzen fan ús jongerein ôfpakke? Wat bart der yn Abbegea en omkriten as der in plan liket te lizzen om minsken dy’t op de flecht binne op te fangen yn tydlike wenten yn de buurt? Bliuwe se dan frjemd yn Abbegea?
It iepenloftspul ‘Frjemd yn Abbegea’ besiket mei de histoarje as basis in brêge te slaan nei hjoeddedei.
Organisaasje en meiwurkers
It stik is yn opdracht fan de Kommisje Iepenloftspul Abbegea (dy’t it iepenloftspul organisearret ûnder auspiciën fan de Stichting Noordelijk Koorfestival út Haskerdiken) skreaun troch Dick Jansen en wurdt regissearre troch Tineke Broers (mei assistinsje fan Ytsje Kramer fan It Heidenskip), beide fan Burgum. Koardirigint en komponist Gerben van der Veen fan Haskerdiken hat de muzyk en de lieten komponearre en hat de muzikale lieding. It prachtige duorsume dekôr is in ûntwerp fan Jaap Groen út Jobbegea. De kostúms wurde fersoarge troch Dukke van der Ende fan Mantgum en de kap en grime stiet ûnder lieding fan Anna Doornbos fan Drylts. Sy is ek produksje lieder. Ljocht en lûd wurde fersoarge troch LVD technyk fan Woarkum.
Yn totaal dogge 23 spilers, 20 koarleden en 4 kombo-leden mei oan dit bysûndere projekt. Dêrnjonken binne sa’n 70 frijwilligers by de tarieding en de foarstellings belutsen, as bestjoerslid, yn de bouploech, de naaiploech of as kaartkontroleur, ferkearsregelaar, gasthear/frou of horeka-meiwurker.
It stik wurdt spile efter de pleats fan Nammen en Reintsje Gras.
Inisjatyf en tema
Sjoerd en Jaike Bergstra, pake en beppe fan inisjatyfnimmers Gerben van der Veen en Sjoerd Feenstra dreaune yn oarlochstiid in winkel oan de Pikesyl yn Abbegea. Harren memoires en de skiednis fan Abbegea yn de twadde wrâldkriich hawwe oanlieding west om dit stik te meitsjen. Sa waard yn 1942 yn de tsjerke fan Abbegea de Matthäus pasje opfierd troch it koar ‘De Eendracht’ en musikanten/solisten rûnom wei. Dat stie ûnder lieding fan Jeanne Gerretsen, dy’t yn oarlochstiid har wente yn Scheveningen ferlitte moast en har ta wenjen sette yn Abbegea, yn harren fekânsjehûske op Stoaterske tille, tegearre mei har man Frits Gerretsen.
Bysûnder is wol dat der in hiel soad neiteam fan Sjoerd en Jaike Bergstra meispylje of meisjonge.
Dick Jansen en Tineke Broers hawwe in iepenloftspul makke, dêr’t de skiednis en ferhalen fan hjoeddedei ôfwiksele wurde. Mei as tema:
Frjemd dat frjemd
yn in frjemde tiid
frjemd behannele wurdt
en yn in oare frjemde tiid
frjemd net mear frjemd wie
mar derby hearde

