Fine en Ferbine 2026: fjoer, muzyk en lekker iten yn Súdwest-Fryslân
1 min gelezen
Foto: Ramona
Ek dit jier giet it kolleezje yn jannewaris wer by in tal doarpen del mei it evenemint Fine en Ferbine. Net in standert nijjiersresepsje, mar in moai momint mei lekker iten, waarmte, muzyk en fjoer. De bedoeling is om mei-inoar yn it nije jier te kommen, inoar te moetsjen en te ferbinen.
Der is selsmakke snert, stamppot, glühwein en waarme poeiermolke. Sjonger en muzikant Johannes Rypma liedt it publyk it nije jier yn. By min waar wurdt der in binnenlokaasje regele.
Data en lokaasjes:
Moandei 12 jannewaris, 17.30 – 19.00: Skearnegoutum, Skoalplein Op’e Hichte
Tiisdei 13 jannewaris, 17.00 – 18.30: Eksmoarre, doarpsplein by Leugenbank
Woansdei 14 jannewaris, 17.00 – 18.30: Warns, parkearterrein Himmelumerdyk
Tongersdei 15 jannewaris, 17.30 – 19.00: Blauhûs, pleintsje Vitusdyk (foar Bakkerij Popma)
Kom ek del en begjin it nije jier mei fjoer, muzyk en in waarm gehiel.
Fine en Ferbine is in nijjiersgearkomste fan it gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân yn ferskate doarpen. It is gjin offisjele resepsje, mar in mienskiplik evenemint mei lekker iten, waarm dranken, muzyk en fjoer om minsken mei-inoar te ferbinen en it nije jier gesellich te begjinnen.
