Beschrijving
Ferhaal fan’e skiednis fan Fryslân Op tongersdeitejûn 26 novimber om 20 oere fertelt dû. Liuwe Westra oer de skiednis fan Fryslân. Hy jout dêr les oer oan ’e universiteit en dielt dêr graach wat fan mei minsken út Wytmarsum en omkriten. It ferhaal is bedoeld foar elk dy’t it nijsgjirrich fynt, der is gjin foarkennis nedich en jo hoege ek gjin tintamen te dwaan. Fragen binne fansels wolkom! It aparte fan Fryslân is, dat it in namme is dy’t troch de iuwen hinne hieltiten foar ferskillende gebieten brûkt wurdt, mar dat al dy gebieten dochs dúdlik wat mienskipliks hawwe. Fan dat mienskiplike, mar ek fan ’e feroarings, sil Liuwe Westra wat fertelle. Dêrby komme de Romeinen foarby, mar ek Bonifatius, de Noarmannen, Willem IV fan Hollân, Grutte Pier en fansels de Penjumers / Wytmarsumers Minne Simens en Gysbert Japiks. 26 novimber fan ôf 19.45 oere wolkom yn’e Koepeltsjerke yn Wytmarsum mei in kopke kofje of thee. Tagong is gratis, graach in frijwillige bydrage foar de kosten.
Bijeenkomsten
- 26 november 2026 · 20:00–21:45 uur
Kaart nog niet beschikbaar. Witmarsum

